CVVO wol frijwilligerswurk ferplichtsje

05 sep 2015 - 13:32

Leden fan fuotbalferiening CVVO De Lemmer moatte tenei elk seizoen ferplicht tsien oeren frijwilligerswurk dwaan. Dizze ferplichting jildt ek foar foar âlden fan jeugdleden. Leden dy't wegerje riskeare in boete fan maksimaal 75 euro. Neffens it CVVO-bestjoer is de maatregel nedich om't de feriening oars te min frijwilligers hat. Hielendal wannear't yn de takomst de gemeente De Fryske Marren it ûnderhâldswurk útbesteget oan de fuotbalferiening. Der is trije jier praten oer dizze nije maatregel.

CVVO hat 500 leden, minder as de helte dêrfan dogge no frijwilligerswurk foar de klup.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)