Bysûndere nije plant fûn op Skiermûntseach: de seealant

05 sep 2015 - 11:24

Op Skiermûntseach is troch ûndersikers op fjouwer plakken op it eilân de seealant oantroffen. Dat is in plantesoart dy't foaral foarkomt yn moeras- en kweldergebieten yn Súd-Europa. De plant liket bot op in hynsteblom.

Neffens boskwachter Erik Jansen lûkt de seealant nei Noard-Europa ta troch de klimaatferoaring. Op Teksel, it Griend en Goeree is de plantesoart ek te finen.

Trefwurden: 
seealant Skiermûntseach
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)