Froulju Sportklup Hearrenfean ûnderút by ADO

04 sep 2015 - 22:06

De froulju fan Sportklup Hearrenfean hawwe freedtejûn yn de streamende rein mei 2-0 ferlern fan ADO Den Haach. De wedstryd yn Den Haach begûn 25 minuten letter. De frouljusploech stie in skoft yn de file. Se hawwe no ien punt út trije wedstriden. De froulju begûnen sterk mei in grutte kâns foar Simone Kets. Yn de 13e minuut kaam de ploech fan trainer Fred de Boer dochs op efterstân troch in doelpunt fan ADO-spylster Koopmans.

Dêrnei waard it 2-0 troch in doelpunt fan Grimbergen. Sy strafte in flater yn de ferdigening fan Hearrenfean ôf.

Yn de twadde helte koenen de froulju fan Hearrenfean it duel net mear kantelje. Keeper Lotte Wiekamp koe yn de 69e minút slimmer foarkomme. Sy kearde in strafskop. Dêrmei waard de einstân 2-0.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)