Mingde gefoelens jubileum Damen Shipyards

04 sep 2015 - 21:22

Mingde gefoelens freedtemiddei op it 60-jierrich jubileum fan Damen Shipyards Burgum. In feestlike dei om't de skipswerf 60 jier bestiet, mar yn desimber 2013 waard de produksje stopset. Neffens direkteur Richard Nugteren wie der net genôch fraach mear nei frachtskippen. Dêrtroch wurdt de bou fan skippen no yn Azië dien. Sûnt 2015 wurket Damen gear mei Damen Shipyards Gorinchem. Op it kantoar yn Burgum sitte noch sa'n 90 meiwurkers.

Mei in grutte foto-eksposysje yn it kantoar, wurden alle prachtige mominten nochris belibbe troch de (ald)meiwurkers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)