Beammen sneuvelje foar nij klaverblêd by Heak Ljouwert

04 sep 2015 - 17:28

Mear as hûndert beammen lâns de Ljouwerter Ampèrewei moatte plak meitsje yn it ramt fan de oanlis fan de Heak om Ljouwert. Om de Heliconwei oanslute te litten op de westlike ynfalsdyk sil op dit plak in klaverblêdferbining oanlein wurde. Foar de realisaasje is it neffens in wurdfierder fan de gemeente nedich om dizze beammen te kappen.

De beammen wurde net stik foar stik ferfongen. Doel is dat yn de nije situaasje sa'n 50 nije beammen yn dit gebiet plante wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)