'Abba in symphony' net populêr: foarstelling giet net troch

04 sep 2015 - 11:21

De konserten 'Abba in symphony' dy't freed 25 en sneon 26 septimber plakfine soene yn it Fries Congrescentrum yn Drachten, gean net troch. Dat hat de organisaasje besletten fanwege de tsjinfallende kaartferkeap.

Minsken dy't in kaart kocht hawwe, krije it jild werom. Dan moatte se de kaarten wol ynleverje by it Fries Congrescentrum. Dat kin oant 1 oktober.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)