Foararrest Drachtster moardfertochte mei 90 dagen ferlingd

03 sep 2015 - 16:44

It foararrest fan de man út Drachten dy't fêstsit omdat er syn eks-freondinne om it libben brocht hat, wurdt mei 90 dagen ferlingd. De man wurdt fertocht fan moard. Hy hat yntusken bekend dat er de frou heal augustus mei in mes om it libben brocht hat. It slachtoffer waard nachts troch de plysje fûn, neidat dy in tip krigen hiene fan de buorlju, Dy hiene leven heard.

De fertochte wie bekend by de plysje, mar dat wie net fanwege de problematyske relaasje mei it slachtoffer.

Trefwurden: 
moard moardfertochte Drachten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)