Soargen CDA oer finansjele posysje Dairy Campus

03 sep 2015 - 15:29

It CDA yn provinsjale steaten makket him soargen oer de finansjele posysje fan de Dairy Campus, it nasjonale kennissintrum fan de melkfeehâlderij. Manager De Koning seit yn it Financiële Dagblad dat der dit jier nei alle gedachten mei ferlies draaid wurdt. De campus is ûnderdiel fan de Wageningen Universiteit. De provinsje ynvesteart der ek flink yn.

It CDA freget deputearre steaten no om opheldering oer de finânsjes by de Dairy Campus. De fraksje wol witte oft alle plannen wol trochgean kinne, no't it net goed giet mei de sinteraasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)