Westertsjerke wer iepen as poadium foar Kulturele Haadstêd

03 sep 2015 - 13:46

De gemeente Ljouwert hâldt de Westertsjerke oant en mei 2018 beskikber foar konserten en kulturele eveneminten. De gemeente spilet hjirmei yn op it ferlet om gruttere eveneminten yn it ramt fan Kulturele Haadstêd in poadium te jaan. Romein gie yn maaie ticht mei in grut slotfeest, mar no geane de doarren wer iepen.

Kulturele Haadstêd 2018 wol graach dat markante gebouwen in funksje hâlde. De Westertsjerke kin foar fan alles brûkt wurde, wat de organisaasje oanbelanget. De omwenners fan de tsjerke binne ferrast en folle minder bliid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)