Nij draafevenemint 'Trailrun Terschelling' op Skylge

03 sep 2015 - 08:06

Op 10 oktober wurdt op Skylge in nij draafevenemint holden, de Trailrun Terschelling. Der binne ôfstannen fan 15, 25 en 50 kilometer. De ferskate rûtes gean dwers troch de Skylger natuer, oer ûnferhurde paden. De dravers gean troch de bosk, de dunen en oer it strân.

Ferline jier holden dravers mei in soad ûnderfining in earste proef mei in trailrun oer Skylge. Sy wiene sa entûsjast, dat der no dus in echt evenemint fan makke is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)