"Mjitte is witte": hoefolle leven makket de nije JSF?

02 sep 2015 - 21:44

Der wurdt op dit stuit ûndersyk dien nei de mooglikheden fan in permanint lûdsmjitnet om de Ljouwerter fleanbasis hinne, om aanst it lûd fan de nije JSF mjitte te kinnen. De stjoergroep, dêr't Definsje, provinsje, gemeenten en omwenners ynsitte, hâldt dêr twa ynformaasjejûnen oer.

Woansdeitejûn wie de earste yn Koarnjum, tongersdei is de twadde yn Marsum. Behalve oer it lûdsmjitnet giet it ek oer hoe't de earste flechten fan de JSF útfierd wurde sille.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)