Utstjit fan de REC yn Harns wurdt jier lang metten

02 sep 2015 - 21:27

Der komme 22 mjitstasjons om de ôffaloven yn Harns te stean, dy't kontinu mjitte oft der ek giftige stoffen yn de lucht sitte. Yn de piip fan de REC sels komt ek mjitapparatuer. Dit ûndersyk duorret in jier en wurdt dien yn opdracht fan de gemeente Harns en de provinsje. Nei dat jier moat dúdlik wurde oft der sprake is fan mear fersmoarging as gemiddeldwei yn ús lân en oft dat troch de REC komt.

It ûndersyk wurdt útfierd troch it RIVM, it Ryksynstitút foar Folkssûnens en Miljeu en it Frânske bedriuw Environnement.

Yn oktober komme de earste resultaten fan de mjittings yn de piip fan de REC. Foar it pleatsen fan de 22 mjitstasjons moatte de gemeente Harns en de provinsje noch opdracht jaan.

Trefwurden: 
REC mjittings RIVM Harns
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)