Ynternet Bornego College wer plat troch DDoS-oanfal

02 sep 2015 - 17:46

It ynternet op skoallemienskip Bornegokolleezje mei skoallen op De Jouwer en It Hearrenfean lei woansdei foar de tredde kear plat troch in saneamde DDoS-oanfal. Ofrûne moandei en ferline wike tiisdei wie dat ek al it gefal. De direksje fan it Bornegokolleezje sil no oanjefte dwaan by de plysje.

De skoalle hat net echt de mooglikheid om de oanfallen te kearen. Sokke maatregels freegje in soad tiid en binne hiel djoer. De skoalle ûndersiket op dit stuit de ferskillende opsjes om nije oanfallen foar te kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)