Buert wolkom yn soarchsintrum Maartenswouden

02 sep 2015 - 17:20

Soarchsintrum Maartenswouden yn Drachten siket kontakt mei de buert. Mei de bou fan in swimbad, in bernedeiferbliuw en in moetingsplak hopet Talant dat de kliïnten yn kontakt komme mei minsken sûnder beheining. Buertbewenners binne wolkom om te swimmen yn it swimbad of om kofje te drinken by it moetingsgebou. It kontakt mei buertbewenners kin in positive ynfloed hawwe op de kliïnten.

Yn 1968 stie der noch yn stek om Maartenswouden hinne. Doe tochten se dat minsken mei in beheining net geskikt wiene foar de maatskippij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)