Desharick Guidry nije spiler foar Aris

02 sep 2015 - 16:54

Basketbalklup Aris hat in nije spiler. Desharick Guidry komt as ferfanger fan Steve Moundou Missi. De spiler út Kameroen soe nei Ljouwert komme, mar dat is troch de yngewikkelde prosedueres net slagge.

Guidry is 22 jier en komt fan de McNeese State University yn Louisiana yn Amearika. De Amerikaan stiet bekend as in spiler dy't maklik skoart. Aris hopet dat Guidry ein nije wike mei kin nei Lúksemboarch, dêr't in ynternasjonaal toernoai op it program stiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)