Metaalstaking giet freed fierder yn súdlik Fryslân

02 sep 2015 - 14:54

Metaalbedriuwen yn it suden fan Fryslân gean freed yn staking. It giet om in grut tal fabriken, lykas fytsprodusinten Batavus, Accel en Koga op It Hearrenfean, busbouwer VDL op It Hearrenfean, skipswerf Barkmeijer yn Strobos en silobouwer Polem op De Lemmer. De aksje is in ferfolch op aksjes foar de simmerfakânsje. De stakers kinne harren ynskriuwe yn it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean.

De fakbûnen wolle yn de metaalsektor in leansferheging fan 3 persint. Der is ek strideraasje oer de roasters en frije dagen fan âldere wurknimmers.

Der wurde in trijehûndert stakers ferwachte. Fakbûnsbestjoerder Frans Strolenberg fan CNV Noord seit dat der hielendal gjin beweging sit yn de ûnderhannelings. Hy tinkt dat de wurkjouwers miene dat se sterk stean, omdat de krisis krekt foarby is en in soad wurknimmers benaud binne foar harren baan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)