Dronken man rydt slachbeam dwerstroch yn Ljouwert

02 sep 2015 - 11:15

In 35-jierrige ynwenner fan Nij Altena is yn de nacht fan tiisdei op woansdei oppakt om't er mei syn auto dwerstroch in sletten slachbeam fan parkeargaraazje Saailân yn Ljouwert riden is. Dy rûn dêrtroch skea op

In befeiliger fan de parkeargaraazje notearre it kenteken fan de auto. Plysjeminsken seagen de man letter yn de nacht yn Aldebiltsyl riden. Dêr is er oppakt. Nei syn arrestaasje die bliken dat de man dronken wie. Hy is nei it plysjeburo brocht foar fierder ûndersyk.

De man wurdt fertocht fan riden ûnder ynfloed, fernieling en it ferlitten fan it plak fan it ûngelok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)