LL Dantumadiel makket him soargen oer 'De Kruisweg'

01 sep 2015 - 22:49

De politike partij Lagere Lasten Dantumadiel makket him soargen oer it behear, it ûnderhâld en de eksploitaasje fan hoareka-foarsjenning en mienskipsgebou 'De Kruisweg' yn Damwâld. De partij hat hjir fragen oer steld oan it kolleezje fan b. en w. fan Dantumadiel. Se wolle witte as de hjoeddeistige behearder syn ferplichtingen wol neikomt en wat hjir oer fêstlein is.

'De Kruisweg' is in gebou dêr't de mienskip in soad jild ynstutsen hat.

'De Kruisweg' wie yn de fakânsje ticht neffens Lagere Lasten Dantumadiel en it terrein om it gebou hinne soe net ûnderholden wurde. Ek soe it smoarch wêze yn de keuken en op de flierren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)