26 miljoen euro foar droege fuotten en skjin wetter

01 sep 2015 - 19:56

De provinsje ynvestearret de kommende seis jier 26 miljoen euro yn de Fryske wetterhúshâlding. Doel is om oerstreamingen en wetteroerlêst oan te pakken. Der wurdt ek jild stutsen yn wettersystemen dy't soargje foar genôch en skjin wetter. It stiet allegear beskreaun yn in wetterhúshâldingsplan. Alle provinsjes moatte sa'n plan ha, dat ek noch aktueel is.

It besteande Fryske wetterplan rint oant de ein fan dit jier. Foar dêrnei is no in nij plan makke. Provinsjale Steaten bûge har dêr yn oktober oer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)