Nije grutte bioskoop yn it sintrum fan Ljouwert

01 sep 2015 - 19:00

Pathé bout definityf in grutte nije bioskoop yn it sintrum fan Ljouwert. It giet om in bioskoop mei sa'n tûzen stuollen dy't komme moat achter it gerjochtshôf. De gemeente Ljouwert en Pathé Nederlân hawwe in hantekening setten ûnder de gearwurkingsoerienkomst.

Allinnich it memmebedriuw fan Pathé moat noch tastemming jaan. Dat jout it nei alle gedachten yn novimber, mar neffens de gemeente is dat in formaliteit. De komst fan de nije bioskoop moat in soad ekstra minsken nei it sintrum lûke.

Trefwurden: 
Pathé bioskoop Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)