Wetterskip ûndersiket 16,5 km dyk op It Amelân op asbest

01 sep 2015 - 18:23

Wetterskip Fryslân sil op It Amelân de Waadseedyk oer in lingte fan 16,5 kilometer ûndersykje op asbest. Ferline wike binne by it wurk oan de dyk lytse stikjes asbest fûn. It wurk is foarearst stillein. It Wetterskip sil no earst besjen oft op mear plakken yn de dyk asbest sit.

Om fierdere fertraging fan it wurk oan de dyk foar te kommen, wurdt nei in manier socht om dit ûndersyk yn de winter út te fieren. De stikken dyk dy't iepen lizze wurde tichtmakke, sadat de seedyk foar it stoarmseizoen wer feilich is.

In lyts part fan de dyk is no noch ôfsetten mei stekken en linten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)