Hearrenfean hat de primeur mei earste idylle fan Fryslân

01 sep 2015 - 18:17

It Hearrenfean hat as earste plak yn Fryslân in idylle. In idylle is in stik grûn dat ynsiede wurdt mei spesjaal sied, wêrtroch der mear flinters en bijen op ôfkomme. Tiisdei is de Feanster idylle, oan de Domela Nieuwenhuisweg, offisjeel iepene troch wethâlder Hans Broekhuizen. Hy ûntbleate in boerd mei ynformaasje oer it stik grûn.

It is in projekt fan de Nationale Postcodeloterij, de Vlinderstichting en de Nederlandse Bijenhouders Vereniging. De idylle kin in hiel soad flinters en bijen nei Fryslân lûke.

Ek yn Appelskea binne se dwaande mei in idylle. Skoalbern fan it Feanster Nordwin College, dat tsjinoer de idylle leit, sille helpe om it stik grûn en de paden te ûnderhâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)