VDL-groep draait goed earste healjier

01 sep 2015 - 15:40

Busbouwer VDL Groep yn Eindhoven hat in goed earste healjier hân. De omset is yn de earste moannen fan dit jier útkaam op 1,3 miljard euro. Yn deselde perioade ferline jier wie dit 1,1 miljard. Ien fan de fêstigings fan VDL is Berkhof op It Hearrenfean. Hjir wurde bussen boud.

Foar de busdivyzje fan VDL jildt dat it oantal touringcars dat ferkocht is, omheech gien is. It oantal ferkochte bussen foar it iepenbier ferfier is wat achterbleaun. De ferwachting is dat de oarderportefúlje de kommende moannen wer tanimt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)