Earste non-stop supper oankaam yn Ljouwert

01 sep 2015 - 14:10

Ike Frans is tiisdeitemiddei efkes nei healwei twaen as earste non-stop supper oer de finish kaam yn de Prinsetún yn Ljouwert. Hy hat steand op in surfplank alle alve stêden by del peddele. Moandeitemoarn is Frans oan de tocht begûn. Yn totaal dogge fjouwer minsken de non-stop suptocht.

Frans sei dat de earste helte fan de tocht hiel goed gie, om't er de wyn yn de rêch hie. Mar de lêste 100 kilometer foelen him dochs wol swier. By Starum moast er ûnder in brêge wachtsje fanwege in swiere tongerbui.

De kommende dagen dogge in hiel soad suppers de alvestêdetocht noch yn etappes. Frans soe hjir earst ek noch oan meidwaan, mar dêr sjocht er dochs fan ôf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)