Dantumadiel wol Pasana-miljoen mei proseduere weromhelje

01 sep 2015 - 13:26

De gemeente Dantumadiel leit him der net by del dat sy mear as ien miljoen euro ferlieze troch it fallisemint fan Pasana. Sy besykje it bedrach by de kuratoaren fuort te heljen of oars by de Bank Nederlandse Gemeenten. Ien en oar betsjut dat der in juridyske proseduere fierd wurde moat, mar dat hat boargemaster Sicko Heldoorn der wol foar oer.

De striid oer it miljoen hat gjin gefolgen foar de soarch dy't no levere wurdt troch oare soarchorganisaasjes, seit de boargemaster.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)