Gjin feiling radiofrekwinsjes: bliidskip by Radio NL

01 sep 2015 - 13:08

Minister Henk Kamp fan Ekonomyske Saken set it plan om yn 2017 de frekwinsjes foar de kommersjele radiosjtoerders te feilen net troch. Hy ferlingt de hjoeddeistige frekwinsjes mei nochris fiif jier. Hy komt dêrmei temjitte oan de winsk fan de Twadde Keamer. Eigener en direkteur Nico Silvius fan it Snitser stasjon Radio NL is bliid mei it beslút fan Kamp.

In frekwinsjefeiling soe foar in ûnwisse tiid soargje. No''t der gjin feiling komt kin Silvius syn 25 meiwurkers gewoan yn tsjinst hâlde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)