Terptsjerkje Natuurmuseum wurdt dekôrstik yn foarstelling

01 sep 2015 - 06:17

It terptsjerkje dat in skoft lang yn it Natuurmuseum Fryslân stien hat, kriget it nij libben by de Biltse ierappelwiken. Dêr sil it brûkt wurde foar de iepenloftfoarstelling yn 2018. Dat wurdt hâlden yn it ramt fan Kulturele Haadstêd. It tsjerkje wie de publykslûker by de útstalling 'Goddelijk Groen' yn it museum.

Stifting Alde Fryske Tsjerken hie in priisfraach útskreaun oer wat der mei it tsjerkje barre moast. De tsjerke past neffens direkteur Bakker fan de stifting goed as dekôrstik by in iepenloftfoarstelling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)