Crowfund-aksje foar nije knibbels foar Willem Barentsz

31 aug 2015 - 20:31

Der is in crowdfund-aksje úteinset om nije knibbels te krijen foar de Willem Barentsz mei de titel 'Jouw knie naar Nova Zembla'. Yn Harns wurdt in replika boud fan it skip dêr't Willem Barentsz mei besocht in noardlike trochfeart te finen nei Azië. Om it dek ôf te meitsjen binne ek saneamde 'knibbelstikken' nedich. Dat binne dielen fan beammen dy't op in spesjale wize groeid binne.

Soks is net goedkeap, en sadwaamde kinne minsken sa'n knibbelstik adoptearje. De namme fan de adoptearder wurdt yn it stik hout set.

Trefwurden: 
Willem Barentsz
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)