"Fryske rjochtspraak noch net rêden"

31 aug 2015 - 20:21

De Fryske advokaten binne bliid dat de rjochtbank yn Ljouwert iepenbliuwt, mar se stekke de flagge net út. Oant no ta hat de skaalfergrutting yn de rjochtspraak allinnich mar neidielen. Benammen de kliïnten wurde de dupe, seit strafrjochtadvokaat Tjalling van der Goot. De ôfstân ta de rjochtbank wurdt folle grutter.

Van der Goot sjocht mei ôfgriis nei de sluting fan de rjochtbank yn Assen. Dy saken gean allegearre oer nei Grins. Dat wurdt de haadfestiging. Dat betsjut, sa tinkt Van der Goot, dat Ljouwert in njonkenfestiging is fan Grins.

As der op 'e nij besunige wurde moat, is it mar de fraach oft Ljouwert wol iepenbliuwt.

It liket der ek op dat it hôf útklaaid wurdt, seit Van der Goot. Yn Ljouwert wurde tenei allinnich de hegerberopsaken fan Grins en Ljouwert behannele. De rest giet nei Zwolle of Arnhem. Van der Goot konkludearret dat it gerjochtshôf troch soksoarte fan besluten fierder fan de boarger ôf komt te stean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)