Klachten oer wyldkampearders yn kempers by Psy-Fi-festival

31 aug 2015 - 19:58

Omwenners fan it Psy-Fi-festival yn de Griene Stjer by Ljouwert binne ûntefreden. De muzyk wie wol folle minder lûd as by foarige edysjes, mar der wie wol oerlêst troch besikers en de berikberens. By de Stichting Groene Ster Duurzaam binne aardich wat negative reaksjes binnenkaam. De stichting hie al beswier oantekene tsjin de fergunning foar it festival.

De bewenners hiene lêst fan wyldkampearders yn grutte kempers dy't net fier fan harren huzen oan de Wielendwinger en it Alddiel stiene of sels op partikuliere parkearterreinen.

Bûten it festivalterrein wiene gjin húskes en dat hie ek sa syn gefolgen. It wie boppedat hiel dreech foar guon bewenners om fuort te kommen troch ferkearsopstoppings.

Trefwurden: 
Psy-Fi Griene Stjer festival
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)