Swiere buien soargje foar oerlêst yn Fryslân

31 aug 2015 - 17:56

Swiere buien soargen moandeitejûn foar oerlêst yn de hiele provinsje. Se lutsen fan súdwest nei noardeast oer Fryslân. De brânwacht is rûnom yn de provinsje op ferskate plakken útrukt foar wetteroerlêst. Op De Jouwer moast de brânwacht yn aksje komme om in beamtûke op de wei op te rêden.

Ferkear op de A6 en A7 hat ek lêst fan it minne waar. Op oare plakken koe it ferkear ek net hurd ride. Yn Ljouwert sloech de wjerljocht in gat yn it dak fan in wenhûs oan de Diepenbrockstrjitte. Yn Drachten kamen der putdeksels omheech.

De gemeente Frjentsjerteradiel hie flak foardat it los gie, in warskôging op de eigen site set foar de gefolgen fan it minne waar. Putdeksels kinne omheech komme, diken blokkearre reitsje en tunnels fol wetter rinne.

Trefwurden: 
min waar
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)