VNN ferwachtet minder âldere drinkers

31 aug 2015 - 15:15

Verslavingszorg Noord-Nederland (VNN) ferwachtet dit jier minder âldere drankferslaafden te behanneljen as de jierren dêrfoar. Dat seit direkteur behannelsaken Ingrid Willems. Se tinkt dat der dit jier sawat 360 Friezen fan 55 jier en âlder mei in alkoholferslaving komme.

Oer hiel Nederlân sjoen komt alkoholferslaving boppe de 55 jier hieltyd faker foar. Alderen hawwe mear frije tiid en dan wurdt it hiel gewoan fûn om geregeld wat te drinken. Mar hieltyd mear âldere drankferslaafden witte ek it paad nei de helpferliening te finen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)