Luchtútlit bedriuw Lypack oarsaak fan lûdsoerlêst Westeinde

31 aug 2015 - 15:14

It mysterieuze lûd yn de Ljouwerter wyk Westeinde dêr't in soad ynwenners lêst fan hawwe, wurdt feroarsake troch it bedriuw Lypack. Dat befêstiget parkmanager Lex Vergnes fan bedriuweterrein De Swette. It probleem is nei alle gedachten de luchtútlit fan it aircosysteem fan it bedriuw dat iten foar lytse poppen makket.

Al oardel jier hawwe ynwenners lêst fan it bromjende lûd dat benammen nachts foar argewaasje soarget. It bedriuw Lypack hat in spesjale lûdsspesjalist ynskeakele foar it betinken fan in oplossing.

In pear wiken lyn is der in Facebookside yn it libben roppen dêr't minsken klachten kwyt kinne. Neffens de parkmanager wie it bedriuw sels net op 'e hichte fan de oerlêst. Sy binne no dwaande om in oplossing te sykjen foar it lûd. No't de oarsaak fan it lûd fûn is, docht it aksjekomitee fan de Facebookside in oprop om nachts net mear te sykjen nei it lûd op bedriuweterrein De Swette.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)