Twa manlju Dantumadiel oanhâlden foar fernieling

31 aug 2015 - 14:21

Twa manlju út de gemeente Dantumadiel binne snein oanhâlden om't se yn Driezum de bannen fan in frachtwein lekstutsen hienen. De twa waarden trappearre troch tsjûgen. Doe't dy mei de 56-jierrige eigener it duo dêrop oansprutsen, naaiden de manlju út. Dêrby lieten se it mes dat se brûkt hienen, falle.

De plysje koe de twa op de Canterstrjitte achterhelje. It giet om manlju fan 24 en 25 jier. Sy wurde fertocht fan fernieling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)