Rjochtbank yn Ljouwert bliuwt iepen

31 aug 2015 - 13:41

Ljouwert hâldt syn rjochtbank. De kommende fiif jier is de haadstêd fersekere fan alle rjochtsaken. Dat stiet yn it Meerjarenplan Rechtspraak 2020 dat moandei presenteard wurdt. Sân plakken, wêrûnder Assen, reitsje it folsleine pakket oan rjochtbanksittings kwyt. Dêr wurde tenei allinnich inkelfâldige saken behannele. De eangst wie dat dat yn Ljouwert ek barre soe.

De reorganisaasje by de rjochtspraak yn Nederlân is bedoeld om in finansjeel sûnere organisaasje te krijen. Sa komt der minder jild foar gebouwen en mear jild foar rjochters.

Trefwurden: 
rjochtbank Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)