Produsinten 'Sneekweek' sykje figuranten

31 aug 2015 - 11:43

De produsinten fan de film Sneekweek sykje 300 figuranten dy't yn seksy klean meispylje wolle oan in sêne op it Starteilân. Ek binne der noch 75 minsken nedich dy't yn badklean yn jaccuzi's sitte wolle en 75 minsken mei in iepen boatsje, lykas in sloep of roeiboat. De opnames binne yn de nacht fan 12 op 13 septimber. De sêne dêr't it om giet, is dy fan it feest op de slotjûn fan de Snitswike. Dat wurdt yn de film noch grutter makke as dat it yn it echt is.

Normaal sprutsen kinne produsinten fan films figuranten ek ynhiere fia castingburo's, mar by Sneekweek hawwe se derfoar keazen om alles sels te dwaan. De film moat begjin 2016 klear wêze. Yn de haadrollen spylje ûnder oaren Ferry Doedens, Marly van der Velden en Kimberley Klaver. Figuranten kinne har fia de webside fan de Sneekweek-film oanmelde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)