't Wapen van Barradeel kriget nije bestimming

31 aug 2015 - 10:14

Kafee 't Wapen van Barradeel yn Tsjummearum krijt in nije bestimming. It wurdt in feest- en troulokaasje. Ferline jier septimber moast 't Wapen van Barradeel út finansjele need ticht. Dat wie destiids in klap foar de ynwenners. No, hast in jier letter komt der nij libben yn it âlde kafee.

Dêrfoar hawwe de inisjatyfnimmers help socht mei in online crowdfundings-aksje. 39 ynvestearders hawwe der no jild ynstutsen, mei syn allen goed foar in liening fan 50.000 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)