Ljouwerterdyk by Marrum en Hallum ôfsluten fanwege ûngelok

31 aug 2015 - 08:05

De Ljouwerterdyk tusken Marrum en Hallum is ôfsletten yn ferbân mei in ûngelok. Op de provinsjale dyk is in frachtwein op in trekker botst. Troch de klap kaam de trekker yn 'e sleat telâne. De bestjoerder fan de trekker soe ferwûne rekke wêze. Hoelang't de Ljouwerterdyk ticht bliuwt, is net bekend.

Trefwurden: 
ûngelok Hallum Marrum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)