Neededysje Ljouwerter Krante en Frysk Deiblêd

31 aug 2015 - 06:13
Neededysje fan de LC en it FD - Foto: Omrop Fryslân

Abonnees fan de Ljouwerter Krante en it Frysk Deiblêd krije moandeitemoarn in neededysje yn de bus. Troch in kompjûtersteuring wie it sneintejûn net mooglik om in krante te meitsjen, meldt de LC op de webside.

De artikels dy't net yn de kranten ferskine, wurde op de webside fan de LC of it FD pleatst.

(advertinsje)
(advertinsje)