Ludike aksjes skuorre sportklups Trynwâlden dertroch

30 aug 2015 - 14:36

Sportend Trynwâlden wol wer foarút sjen. Dat seit bestjoerslid Feyona Boonstra fan de Stichting Beheerscombinatie Sportcomplex Oentsjerk (SBSO).

De ôfrûne jierren hat it op sportyf en finansjeel mêd net maklik west foar de sportklups yn 'e Trynwâlden. Dat de boiler op it terrein stikken gie, wie neffens Boonstra in ekstra motivaasje om de boel op te knappen. Op kreative wize en mei tank oan SportStroom is de boiler ferfongen. Sa siket it bestjoer hieltyd nei goedkeape oplossings. Mei frijwilligers wurde allegearre ludike aksjes betocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)