Betinking professor dr. Tony Feitsma yn Brantgum

30 aug 2015 - 13:05

Wittenskippers en freonen betinke sneintemiddei yn Brantgum âld-ynwenster professor dr. Tony Feitsma. Sy waard dêr berne en leit dêr te hôf. Feitsma wie heechlearaar Frysk yn Amsterdam. Oer har betsjutting as heechlearaar sil professor Goffe Jensma fan Grins sprekke. Meindert Reitsma sil it hawwe oer har betsjutting foar jonge Friezen.

Der wurde ek earste ekspimplaren fan twa boeken oanbean: 'Wittenskip en beweging' en in freoneboek. It begjint om twa oere yn de tsjerke fan Brantgum. Om fjouwer oere is der in neisit yn it doarpshûs.

Frou Feitsma hat har neilittenskip ûnderbringe litten yn it Feitsmafûns, it Fûûns fwar it Frysk. Dat stipet projekten dy't te krijen hawwe mei it Frysk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)