Weststellingwerf hâldt op mei opheljen glês, papier

30 aug 2015 - 11:26

Yn Weststellingwerf wurdt mei yngong fan 1 jannewaris gjin glês, âld papier, metaal en tekstyl mear hûs oan hûs ophelle. No bart dat noch ien kear yn de fjirtjin dagen. De gemeente hâldt dermei op, omdat hieltyd minder guod oanbean wurdt.

De measte ynwenners bringe it spul sels fuort, bygelyks nei spesjale konteners dy't op ferskate plakken yn de gemeente stean. Skoallen en ferienings helje âld papier op en gemysk ôffal kin nei it ôffalbringstasjon. De gemeente Weststellingwerf sil soargje foar mear sammelplakken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)