Grutte militêre oefening yn eastlike part fan Fryslân

30 aug 2015 - 11:11

Yn it eastlike part fan Fryslân en Grinslân binne fan moandei ôf militêre oefenings. It giet om it gebiet tusken Nes en Kollum. De gemeente Dongeradiel hat de ynwenners witte litten dat se de kommende wiken legerweinen en militêren tsjinkomme kinne. Oan de oefening dogge ek helikopters en fleantugen mei.

De militêren binne wol bewapene, mar se sille de oefenmunysje net brûke. Yn prinsipe bewege se harren allinich oer iepenbiere diken en terreinen. Mochten ynwenners dochs skea hawwe, dan kinne se harren melde by it Ministery fan Definsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)