Jouster darter Danny Noppert wint Champions League of Darts

29 aug 2015 - 17:50

Danny Noppert fan 'e Jouwer hat sneon de Champions League of Darts wûn. Yn de finale wie de 24-jierrige Noppert mei 2-0 yn sets te sterk foar Wouter Rietveld. De Jouster wûn yn de heale finale al mei 5-3 yn legs fan rûtinier Co Stompé. Troch syn oerwinning komt Noppert út yn de Finder Darts Masters, foarhinne de Zuiderduin Masters, dat yn desimber op telefyzje te sjen is.

Noppert hie him al pleatst foar de Winmau World Masters en de Lakeside-playoffs dy't yn oktober yn Ingelân plakfine.

Yn 2013 spile Danny Noppert ek al ris op it telefyzjetoernoai yn Egmond oan See. Doe wûn de man fan De Jouwer yn de pûl noch fan de Ingelsman Darry Fitton, wêrnei't er útskeakele waard troch Tony O'Shea.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)