ONS pakt swierbefochten oerwinning op GVVV

29 aug 2015 - 16:59

ONS Boso Snits pakte sneon de earste swierbefochten oerwinning fan it seizoen troch mei 3-2 te winnen fan GVVV. Op it Sudersportpark profitearre Martijn Roosenburg nei in kertier spyljen fan in flater yn de ferdigening fan GVVV en sette de 1-0 op it boerd. Yumé Ramos soarge flak foar rêst foar de twadde Snitser treffer.

Nei it skoft makke Curty Gonzales der 3-0 fan en like de wedstriid spile. De gasten út Veenendaal kamen mei twa goals lykwols hielendal werom yn de striid. Nei in spannende slotfaze wist ONS de winst oer de streek te lûken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)