Alderearste iepen dei by wetterynstitút Wetsus yn Ljouwert

29 aug 2015 - 10:47

Wettertechnology-ynstitút Wetsus yn Ljouwert hâldt sneon de alderearste eigen iepen dei. De belangstelling foar it nije, bysûndere gebou fan Wetsus is grut. Der is in protte fraach nei rûnliedings. Dêrom kaam Wetsus mei it idee fan in iepen dei.

Foar de iepen dei moasten minsken harren oanmelde. Der komme 1200 besikers. Foar mear minsken is gjin plak. Begjin dit jier binne de meiwurkers fan Wetsus yn it nije gebou oan de Oostergowei lutsen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)