Lykspul Feanster froulju yn eigen hûs tsjin PEC Zwolle

28 aug 2015 - 21:30

De froulju fan SC Hearrenfean hawwe freedtejûn yn harren earste thúswedstriid in 1-1 lykspul helle tsjin PEC Zwolle. De tsjinstanner kaam yn de earste helte op foarsprong út in strafskop, mar de Feanster froulju makken fuort dêrnei wer lyk: Charissa Burgwal kopte in corner binnen. Dat wie ek de rêststân.

Yn de twadde helte like SC Hearrenfean op foarsprong te kommen, doe't in frije traap fan Burgwal ynkopt waard, mar de skiedsrjochter karde de goal ôf foar bûtenspul. Fiif minuten foar tiid kopte Marlies Slegter de bal noch op 'e latte.

In doelpunt kaam der lykwols net mear. It lykspul betsjut it earste punt yn de kompetysje foar de froulju fan SC Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)