Jubileum foar Hylper rêdingsboat 'Knokkels'

28 aug 2015 - 18:29

Mear as 2400 minken bin yn de rin fan de tiid yn feilige haven brocht troch de Hylper rêdingsboat 'Knokkels'. It skip waard op 30 augustus 1975 yn gebrûk naam yn Hylpen en fiert dit jier syn 40-jierrige jubileum.

It skip - neamd nei in sânbank foar de kust - swaaide yn 2003 ôf út it aktive rêdingswurk. Sneontemiddei is der Iepen Hûs oan board fan it skip yn de Hylper haven.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)