Psy-Fi festival Ljouwert begûn: strange kontrôles gemeente

28 aug 2015 - 06:23

De gemeente Ljouwert hat tongersdeitenacht lûdmjittings dien by it muzykfestival Psy-Fi yn Ljouwert. Ek is sjoen oft de organisaasje him wol oan de strange regels hâldt. It festival is tongersdeitejûn om tsien oere iepene yn it Griene Stjergebiet. Der binne, foar safier by ús bekend, gjin oertredings konstatearre.

De kommende fiif dagen trede bands op ferskate poadia op. Ek binne der films te sjen, wurde lêzingen hâlden en kinne besikers workshops folgje. Omwenners hiene by de rjochter om in ferbod fan it festival frege fanwege lûdsoerlêst.

De rjochter hat yn stee fan in ferbod, strange easken steld oan de organisaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)