Syktocht nei fermiste kitesurfers op de Waadsee

27 aug 2015 - 22:58

De KNRM en de kustwacht hawwe tongersdeitejûn in sykaksje hâlden op de Waadsee nei twa fermiste kitesurfers. De twa surfers wiene fan Harns ûnderweis nei Flylân, mar bedarren op Teksel. Dêrnei binne se sûnder navigaasje ôfset nei Flylân. Om't net dúdlik wie oft se dêr wol oankaam wiene waard alaarm slein.

Foar de syktocht waarden ûnder oaren in fleantúch, in helikopter en ferskate skippen fan de KNRM ynset. Ek inkelde fiskersboaten ha meiholpen. Om goed alve oere koe de KNRM op Twitter melde dat de surfers feilich werom fûn wiene.

De surfers wiene nei in koarte besite oan Flylân wer de Waadsee oerstutsen en by Surch oan lân gien. Dêr seagen se op de sosjale media dat se socht waarden. Se hawwe doe sels kontakt opnommen mei de KNRM om te melden dat se feilich wiene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)